SDS wint Midwintercup

18 jan 2004 - 00:00

It Midwintercuptoernoai yn it FEC yn Ljouwert is sneon by de manlju ferrassend wûn troch SDS út Easterein. Yn de finale wûnen se fia penalty's fan Comme Ci Comme Ca, nei in 2-2 einstân.

By de froulju gie de winst nei it team fan ONS út Snits. Sy spilen yn de finale 1-1 tsjin de froulju fan it Friesland College. It sealfuotbal- toernoai waard de ôfrûne fjouwer dagen foar de 17de kear holden. Der diene 197 teams mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)