Lootsma útskeakele op 500 meter
Mariëlle Lootsma fan Menaam is sneon by it EK shorttrack yn Zoetermeer op de 500 meter útskeakele yn de kwartfinales. Lootsma einige yn har seary as tredde. Allinnich de earste twa fan in seary geane troch nei de heale finale.
Lootsma docht yn it Nederlânsk lanneteam sneontemiddei noch mei oan de ôflossingswedstriid op 3 en 5 kilometer.