Syktocht nei fetten wer útsteld

17 jan 2004 - 00:00

Fanwege it minne waar is de marine sneontemoarn betiid alwer ophâlden mei it sykjen nei de 63 fermiste giffetten op 'e Noardsee. Nei alle gedachten wurdt moandei in nije poging dien om de fetten mei arseen-pentokside te finen.

Dizze lizze nei alle gedachten boppe de kust fan Flylân en Texel. De fetten binne op 21 desimber fan in frachtskip ôfwaaid by stoarmwaar. By de syktocht set de marine trije minejeiers en in hydrografysk skip yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)