Dartsport groeit yn Fryslân

© Omrop Fryslân
It tal leden fan it Fryske Darts Bûn is de ôfrûne trije moannen mei tsien persint. Neffens it bestjoer giet it hjir om it Rick Hofstra-effekt. It súksesfolle optreden fan 'e Snitser pylkjegoaier en de oandacht fan 'e parse dogge dúdlik fertuten.
It bûn hat op it stuit 2150 leden en der wurdt kompetysje spile op 145 lokaasjes troch 342 teams. It Fryske Darts Bûn sil him oanslute by de de Nederlandse Dart Bond.