Jeugd fynt Hearrenfean saai

16 jan 2004 - 00:00

Op It Hearrenfean is neat te belibjen. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder goed 800 jongeren dy't der wenje. It ûndersyk is dien troch de jongerenôfdieling fan de SP.

Der moat in nij jongeresintrum komme, fynt de Sosjalistyske Partij. Der moatte ek mear eveneminten foar de jeugd opset wurde. Neffens de jeugd tinkt de gemeente tefolle oan sport en te min oan kultuer. It rapport is tongersdei oan de gemeenteried oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)