Aksje foar slachtoffers Bam

15 jan 2004 - 00:00

De help oan slachtoffers fan de ierdbeving yn it Iraanske Bam is noch hieltyd folop oan 'e gong. Moandei sil in helptransport fan Stienwyk út nei Iran ta mei guod út Noard-Nederlân. It bedriuw Vidotrans is spesjalisearre yn helptransporten.

Guon Fryske sjauffeurs sille de reis fan 16.000 kilometer nei Bam meitsje. Oant en mei sneon kinne der pakketten ynlevere wurden. Freed is der in lanlike aksjedei foar de slachtoffers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)