Nije wenten yn Easternijtsjerk
It doarp Easternijtsjerk wol sa'n 9 senioarewenten en 15 nije huzen yn it nijbouplan Lou Sânen. Ek moat it doarpshûs opknapt wurde. Dat stiet yn de doarpsfisy dy't doarpsbelang woansdei presintearre hat.
Dat barde yn de riedskommisje Grûngebiet fan de gemeente Dongeradiel. Doarpsbelang seit dat der gjin wenten beskikber binne foar âlderein, mar ek net foar de jeugd.