Ien minút stilte by Piter Jelles

15 jan 2004 - 00:00

De ûnderwiisbûnen roppe op om freed om alve oere ien minút stil te wêzen. It Piter Jelles-kolleezje yn Ljouwert die dat tongersdei al. Der wie in soad ferlet fan, nei't in leraar yn Den Haach deasketten is troch in leerling.

Wethâlder Krol spruts dêr ek oer geweld op skoallen. Hy is foar in hurdere oanpak. Direkteur Sprengers wol earst prate. Sy tinkt dat it geweld foaral komt troch ûnwissigens. Op it Comenius yn Ljouwert is freed ek 1 minút stilte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)