Fertochte moard Haule wer frij

15 jan 2004 - 00:00

De 27-jierrige ynwenner fan Haulerwyk dy't oanhâlden waard fanwege de moard op kroechbaas Fokko Werkman út Haule, is wer frijlitten. De man waard oppakt nei oanlieding fan tips dy't kamen nei it programma Opsporing Verzocht.

De tipjouwers kombinearren de man út Haulerwyk mei de mountainbike dy't yn it programma sjen litten waard. Ut ûndersyk en út ferklearrings fan tsjûgen hat bliken dien dat de man neat mei de moard te krijen hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)