"Stjonkerij Sonac oanpakke"

15 jan 2004 - 00:00

Omwenjenden fan it stjonkfabryk Sonac yn Sumar wolle dat de provinsje lang om let wat docht oan de stjonkerij. It fabryk hâldt him net oan de fergunning dy't de provinsje ôfjûn hat. Dat komt der op del dat it fabryk mear stjonkt as ôfpraat wie.

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol no in parlementêr ûndersyk nei it hanthaveningsbelied fan de provinsje. It kin net dat it fabryk kear op kear oer de stjonknoarm hinne giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)