Wer slachterij yn Makkum

15 jan 2004 - 00:00

Der wurdt takom jier wer slachte yn Makkum, neffens direkteur Kroeze fan de firma Kroeze-Bramer. It giet dan foarearst om 80 oan 90 kij deis. De Raad van State hat de miljeufergunning fan it bedriuw goedkard.

Omwenjenden hiene beswier makke om't se benaud binne foar leven en stank. Sy hoopje no fia it sanearingsfûns baargen de slachterij te kearen. Dat fûns ferbiedet it slachtsjen fan kij yn Makkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)