Earste taalwet foar Noardfrysk?

© Omrop Fryslân
It parlemint fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein praat de kommende tiid oer in wetsfoarstel, dat mear romte jout oan it Noardfrysk. Dêryn stiet dat minsken yn Noard-Fryslân en op it eilân Helgolân it Noardfrysk mûnling en skriftlik brûke kinne moatte by oerheidsynstânsjes dêr. Ek moatte der twatalige buorden komme by plakken en op gebouwen.
Sawat tsientûzen minsken prate hjoeddedei noch Noardfrysk.