Stipe foar Fryske ict-bedriuwen

14 jan 2004 - 00:00

Fyftjin Fryske ict-bedriuwen krije mei inoar 47.500 euro stipe fan de provinsje om har sels te presintearjen op it lanlike ICT & Networking Event yn Amsterdam. Ferline jier wie de presintaasje tige suksesfol.

Nije kontakten waarden opdien. Dy ha úteinlik ta sa'n 150.000 euro ekstra omset laat. De ict-sektor is yn Fryslân dêrtroch tige wichtich. De bedriuwen wurkje op de beurs gear mei in tal skoallen ûnder de namme Fries Platform.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)