Mear hoareka op Skylge

14 jan 2004 - 00:00

De gemeenteried fan Skylge hat tiisdei ôfpraat dat der mear hoarekasaken komme meie op it eilân. Dat betsjut in breuk mei it belied, want sûnt de jierren '70 jildt der op it eilân in hoarekastop. De gemeente wol it tal saken útwreidzje om't der yn it heechseizoen in tekoart is oan ytgelegenheden en terrassen.

Mei inoar meie der njoggen bedriuwen by komme. It giet dan wol om 'stille hoareka', saken dêr't je ite kinne, mar dy't gjin oerlêst feroarsaakje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)