Petear Knol-Boarnsterhim stopset

14 jan 2004 - 00:00

De ûnderhannelingen tusken de gemeente Boarnsterhim en it bedriuw Knol fan Aldeboarn oer ferpleatsing nei it yndustryterrein binne stopset. Knol, dat aktyf is yn de beton- en wetterbou, past eins net mear yn Aldeboarn.

Jierren werom ha se oan de râne fan it doarp al grûn oankocht foar nijbou. De provinsje jout lykwols gjin tastimming dat terrein te brûken. Knol wol graach wer om 'e tafel mei de gemeente, mar slút ferhuzing út de gemeente ek net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)