Rekken hâlde mei Frysk underwiis

© Omrop Fryslân
It ministearje fan Underwiis moat by it meitsjen fan nij ûnderwiisbelied better sjen nei de konsekwinsjes foar it ûnderwiis yn it Frysk. Dat advisearret it Berie foar it Frysk oan it provinsjebestjoer.
Yn it ferline is by it meitsjen fan ûnderwiisplannen de Fryske situaasje nochal ris oer de holle sjoen. Haachske ûnderwiisamtners moatte better rekken hâlde mei it ûnderwiis yn it Frysk. Ek moatte der faker evaluaasjes komme.