Mooglik skeaclaim saak-Marwei

© Omrop Fryslân
De neibesteanden fan de fermoarde kreatyf terapeute yn De Marwei tsjinje mooglik in skeaclaim yn tsjin justysje. Dat hat harren advokaat bekendmakke. Fierders wolle se dat justysje erkent ferantwurdlik te wêzen foar it drama yn 'e Ljouwerter finzenis.
De advokaat docht dit ek om't er al sûnt de simmer yn kontakt besiket te kommen mei justysje. Dat is oant no ta net slagge. Neffens justysje sitte der risiko's oan wurkjen yn 'e finzenis.