Flylân: troulokaasje nûmer ien

© Omrop Fryslân
Flylân is de populêrste troulokaasje fan Nederlân. Benammen it isolearre, mar ek idyllyske drinkelingehúske op sânflakte Flyhors sprekt in protte fereale steltsjes oan. Ien op 'e fiif pearkes dy't dêr trout, komt fan 'e fêstewâl.
Njonken Flylân docht ek Skiermûntseach it goed. Lytje Pôle, sa't de eilanners it eilân neame, stiet op it tredde plak. Demografysk ynstitút Demos hat it ûndersyk nei trouplakken útfierd.