Skier yn tel by boargemasters

13 jan 2004 - 00:00

Foar de fakante boargemasterspost fan Skiermûntseach hawwe harren 46 kandidaten oanmeld. Dat hat de provinsje bekendmakke. Hy of sy folget waarnimmend earste boarger Sybesma op en dêrfoar boargemaster Fennema.

Neffens in wurdfierder fan 'e provinsje binne de Waadeilannen tige yn tel. Skiermûntseach - mei 991 ynwenners de lytste gemeente fan Nederlân - spant de kroan. De nije boargemaster foarmet mei twa wethâlders it kolleezje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)