Aksje foar hegere molkprizen

© Omrop Fryslân
Melkfeehâlders demonstrearje takom wike tiisdei foar in hegere molkpriis. Yn Den Haach biede se lânbouminister Veerman in petysje oan. Ek yn Ingelân, Frankryk, België en Dútslân binne demonstraasjes.
De boerebûnen wolle mei dizze aksje dat de Europeeske Kommisje it belied oanpast. De kwota's moatte omleech, want dat liedt ta hegere prizen. De melkfeehâlders fine dat se te min barre foar in liter molke.