Ried ûngeduldich oer nij museum

© Omrop Fryslân
Wethâlder Krol fan Ljouwert moat avensearje mei de plannen foar de werynrjochting fan It Saailân yn Ljouwert. Dat fynt de gemeenteried. It Frysk Museum wol in nij gebou delsette op it Saailân. Der is noch hast neat bekend oer hoe't it der út komt te sjen.
De gemeenteriedsleden ha wethâlder Krol warskôge. Se wolle net foar in útmakke saak komme te stean. Krol hat tasein foar 1 maaie mei foarstellen te kommen.