Argewaasje oer auto's

13 jan 2004 - 00:00

Bestjoerders dy't har net oan de regels hâlde yn it winkelsintrum fan Surhústerfean moatte oanpakt wurde. Dat wolle de ûndernimmers om't se har oan it gedrach fan de sjauffeurs steure. Se prate meikoarten mei de plysje.

Fral it parkearen op plakken dêr't dat net mei is in punt fan argewaasje. As de plysje faker kontrolearret op ferkearsoertredings wurdt it ferkear feiliger. Alteast dat hoopje de ûndernimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)