Blau-Wyt: oare ûntsluting nedich

13 jan 2004 - 00:00

De gemeente Ljouwert moat in oare oplossing betinke foar de ûntsluting fan it nije sportkompleks fan fuotbalferiening Blauw-Wit by Goutum. De gemeente woe dy ûntsluting ha by de rotonde Tearnserdyk/Jonkerslannen.

Doarpsbelang Goutum is dêr op tsjin, omdat dan de kâns bestiet dat in part fan it ferkear troch it doarp ride sil. De gemeenteried naam moandei in moasje fan 'e FNP oer dat de gemeente in oar plan foar de ûntsluting meitsje moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)