200 banen fuort by RWS

12 jan 2004 - 00:00

By Rykswettersteat yn Noard-Nederlân ferdwine 200 fan de 600 minsken. By de tsjinst moat yn de jierren 2004-2007 flink besunige wurde. Dêrtroch ferdwine lanlik 2200 banen.

Op dit stuit wurde al petearen fierd mei wurknimmers fan om de sechtich om te hearren oft se frijwillich earder ophâlde wolle. Direkteur Hoogland tinkt dat dan al in grut part fan de needsaaklike ynkrimping opfongen wurdt, mar slút ûntslaggen net út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)