Folleybaltrainer Verseput fuort

© Omrop Fryslân
Trainer en koach Arjen Verseput en de folleybalfroulju fan Snits hawwe de gearwurking fuortendaliks ferbrutsen. De spylsters hiene koartlyn by it bestjoer fan stifting topfolleybal oanjûn dat se net fierder wolle mei Verseput. De trainer soe de spylsters net goed motivearje kinne.
Bert Jansma, de eardere assistent fan Verseput, wurdt no haadtrainer. Olof van der Meulen en Martsje de Vries sille Jansma helpe.