Fandalen wer warber op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
Fandalen ha it ôfrûne wykein op 'e nij skea feroarsake yn de Midstrjitte op 'e Jouwer. Der binne ûnder oaren winkelruten yngoaid en bushokjes fernield.
Oant 1 jannewaris surveillearde in partikulier befeiligingsbedriuw jûns en nachts yn de Midstrjitte. Om't winkeleigners net langer meibetelje woene oan dy bewakingstsjinst, besleat de gemeente Skarsterlân der mei op te hâlden.