Wurkgroep net iens mei De Jonge

© Omrop Fryslân
De Steatewurkgroep Underwiis- efterstannen fielt him misjegene troch boargemaster Peter de Jonge fan It Hearrenfean. De Jonge sei dat te min dien wurdt om de ûnderwiisefterstannen yn te rinnen en dat it allinne mar freegjen om in notysje troch in steatelid net genôch is.
Frans Kuipers fan de steatewurkgroep is it dêr net mei iens. Underwiis is ek in ferantwurdlikheid fan gemeenten en der wurdt al in soad dien oan efterstannen.