'Heup-operaasjes Oldenburg goed'

12 jan 2004 - 00:00

Friezen dy't nei Oldenburg yn Dútslân geane foar in heup-operaasje hoege har gjin soargen te meitsjen. it deiblêd Trouw skreau moandei dat pasjinten dy't yn Dútslân in nije heup krije it risiko rinne ferlamme te reitsjen.

De robot dy't de operaasje útfiert, soe him neat oanlûke fan obstakels dy't er ûnderweis tsjinkomt, lykas spieren. De Friesland Zorgverzekeraar is der lykwols wis fan dat in operaasje yn Oldenburg gjin ekstra risiko jout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)