Amelân goedkeapste gemeente

12 jan 2004 - 00:00

It Amelân is dit jier op 'e nij de goedkeapste gemeente fan Nederlân wat gemeentebelestingen oangiet. Dat docht bliken út in ûndersyk dit wykein yn it Algemeen Dagblad.

It Amelân is lykwols de iennichste Fryske gemeente dy't posityf út de test komt. Ljouwert en It Bilt wurde neamd as de djoerste gemeenten fan Nederlân wat de ûnreplik saakbelesting oangiet. Yn Skarsterlân is de ôffal- stofheffing mei 36 prosint tanommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)