Resten spinnekop wurde oprêden

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan de provinsje binne út ein set mei it oprêden fan de restanten fan de Haensmûne by Grou. Dy rekke dit wykein stikken nei't der in frachtskip tsjinoanfearn wie.
De 18e ieuske spinnekopmûne stiet oan it Prinses Margriet-kanaal op it eilantsje de Burd. De skea bedraacht 90.000 euro, mar de mûne wurdt opnij wer opboud. Dat kin lykwols wol op in oar plak op it eilantsje wêze.