"Frysk handicap foar bern?"

12 jan 2004 - 00:00

FNP-steatefraksjefoarsitter Jehannes Kramer is benaud dat âlden ôfret wurdt harren bern yn it Frysk grut te bringen. Syn soargen binne ynjûn troch de diskusje oer ûnderwiisachterstân op basisskoallen.

It is ferkeard om it Frysk dêrfan de skuld te jaan. Aansen ûntstiet noch it byld dat it Frysk in handicap is foar jonge bern, sa seit Kramer. De wiere oarsaak is dat der te min middels binne om de problemen oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)