De Griffioen - Hurry Up 2: 27-23

© Omrop Fryslân
Hânbalferiening De Griffioen fan Wolvegea hat sneintemiddei mei 27-23 wûn fan Hurry Up 2 fan Zwartemeer. By rêst late Griffioen mei 19-14, mar flak foar tiid drige Hurry Up noch werom te kommen. De stân wie doe 24-22.
Mar de spilers fan De Griffioen makken net de flater dy't se dit jier al faker makke hienen. Uteinlik waard mei in tempofersnelling de einstân dochs noch 27-23. De Griffioen stiicht troch de sege nei de middenmoat yn regioklasse A.