René Jaasma wint Vegelinsboskrin

11 jan 2004 - 00:00

René Jaasma hat sneon de Vegelinsboskrin yn Sint Nyk wûn. De jonge Drachtster bleau op de 10,4 kilometer 29 sekonden foar op Tido Tinga fan De Lemmer. Dy hie op syn beurt in foarsprong fan 36 sekonden op Ralf de Jong fan Drachten.

Bianca Duursma fan De Lemmer wie earste by de froulju. Har foarsprong op Lisete van der Vegt út Grins wie oardel minút. Ronnie Jeeninga (Ljouwert) en Jolanda Smedinga (Deinum) wûnen de 5,2 km.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)