Man oanhâlden nei twa ynbraken

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn in 40-jierrige man út Almelo oanhâlden oan de Johan Willem Frisostraat yn Snits. De man wurdt derfan fertocht belutsen te wêzen by twa ynbraken en noch mear stellerij.
Oan it begjin fan de middei waard de man syn auto sinjalearre by in ynbraak yn in skoalle oan it Keatslân. Dêr wie ek in oare man by. Dêrnei binne yn Ealahuzen rvs-buizen stellen. De plysje kaam se op it spoar nei noch in ynbraak by in bedriuw yn Snits.