Russen brûke Frysk luchtkessen

© Omrop Fryslân
Foar in nij soart luchtkessenboarding fan it bedriuw Sidijk yn Grou is ynternasjonaal belangstelling. It bedriuw hat in ferbettere ferzje ûntwikkele dyt't noch feiliger is foar reedriders as se falle.
De riders binne benammen benaud foar de 'bounce back', oftewol 'it werom stuiterjen'. Mei de nije boardings wurde de riders opslokt, om samar te sizzen. Yn Kolabo yn Ruslân sil de nije boarding brûkt wurde yn in nij stadion.