Iepen dei ynrinhûs Ljouwert

© Omrop Fryslân
Likernôch 100 minsken kamen sneontemiddei ôf op de iepen dei fan it ynrinhûs foar dakleazen yn Ljouwert. Tagelyk mei de iepen dei waard troch de tsjerken in aksje hâlden tsjin de ferhurding fan de maatskippij.
Koartlyn die út in enkête fan it Leger des Heils bliken dat mar 12% fan de Nederlanners dakleazen sjocht as kwetsbere groep. 4 jier lyn wie dat 24%. Yn it ynrinhûs koe elk in hanteken sette op it 'doek van mededogen'.