Ljouwerter (36) dea by ûngelok

10 jan 2004 - 00:00

In 36-jierrige ynwenner fan Ljouwert is freedtejûn om it libben kaam by in ûngemak yn it Grinzer Ter Apel. De man botste troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto tsjin in parkearde frachtwein dy't op de dyk stie.

De auto fan it slachtoffer skode foar in part ûnder de oplizzer fan de frachtwein. De Ljouwerter is op it plak fan it ûngemak ferstoarn. De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)