Restauraasje grêven famylje Buma

09 jan 2004 - 00:00

Mei de restauraasje fan de klokkestoel en in tal grêven by Smelbrêge wurdt in tasizzing dy't al mear as in ieu lyn dien is, neikommen. It lytse plakje tusken De Hommerts en Wâldsein hat al hiel lang gjin tsjerke mear, mar wol in klokkestoel.

Dêrby lizze grêven fan de famylje Buma. Dy ha yn de 19e ieu fia har testamint regele dat har plakje by Smelbrêge goed ûnderhâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)