Rollator foar kij

09 jan 2004 - 00:00

In ko mei in rollator. It liket nuver, mar foar ko Yankee fan de famylje De Jong fan Ljouwert sjocht it libben der mei sa'n ding in stik moaier út. De rollator foar kij is ûntwurpen troch Henk Binnendijk fan Aldegea (Gaasterlân) en acht oare studinten.

De famylje De Jong is tige optein mei de rollator, want de 21-jier âlde Yankee mei perfoarst net fuort. De ko is sels sponsor fan it kuorbalteam fan dochter Anna.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)