Mear taakstraffen foar fjoerwurk

09 jan 2004 - 00:00

It tal bern dat in taakstraf krigen hat foar it te betiid ôfstekken fan fjoerwurk, is omheech gong. It giet dit jier om 98 jongeren. Ferline jier wiene dat der 80. Dit jier binne der ek mear bern fan 12 en 13 jier oppakt, sa docht bliken út sifers fan it buro Halt.

Se krije in learopdracht, wylst de âldere bern foar straf de strjitten skjinmeitsje moatte. Halt en de plysje binne 24 novimber ferline jier begûn mei de fjoerwurk-kampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)