Jeugd sjocht neat yn plan Peijs

© Omrop Fryslân
De plannen fan minister Peijs om de leeftyd foar brommerriden te ferheegjen nei 17 jier wurdt net waarm ûntfongen troch de jeugd. De minister wol mei de maatregel it tal slimme ûngemakken en jonge ferkearsdeaden werom bringe.
Tagelyk meie bern dan wol autorydles nimme mei 17 jier. Ek de brommerhannelers sjogge neat yn it foarstel. It soe de ferkeapers in soad hannel skele.