Jorritsma giet troch mei maraton

© Omrop Fryslân
Jorritsma Bouw giet ek de kommende twa jier troch mei it sponsorjen fan in eigen maratonploech. Jeroen de Vries en Arjan Stroetinga bliuwe by de ploech. Mei Kurt Wubben en Martijn Kromkamp wurdt noch ûnderhannele.
Herwin Huisman komt takommend jier net yn 'e ploech werom, hy hat it te drok mei oare saken. De begelieding fan 'e maratonploech bliuwe yntakt. Anjo Hofman en Ynco de Vries bliuwe oan as ploechlieder en trainer.