Grêfstiennen Appelskea fernield

09 jan 2004 - 00:00

Op it begraafplak oan de Oosterse Es yn Appelskea binne tongersdeitenacht hast 30 grêfstiennen folslein fernield. De behearder fan it begraafplak hat dat freed ûntdutsen.

Op ferskillende plakken op it tsjerkhôf binne stiennen omskopt en fertrape. Ek is besocht om yn te brekken yn it baarhúske dat op it begraafplak stiet. De skea rint yn de tsientûzenen euro's. De plysje hat noch gjin idee oer de dieders en har motiven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)