C2000-systeem wurket net oeral

09 jan 2004 - 00:00

It nije alarmearingssysteem foar helptsjinsten sil net op alle plakken yn Fryslân wurkje. De apparatuer foar it saneamde C2000-systeem dat plysje, ambulânse en brânwacht warskôget by kalamiteiten, funksjonearret net yn it FEC en it Cambuurstadion yn Ljouwert en yn it Abe Lenstrastadion en Thialf op It Hearrenfean.

Dat docht bliken út ûndersyk fan it programma Zembla. De 4 plakken moatte de nedige apparatuer no sels betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)