Bommelders Hearrenfean oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat twa 18-jierrige jonges fan It Hearrenfean oanholden foar de falske bommelding woansdei yn har wenplak. Nei de melding moasten tweintich omwenners fan winkelsintrum De Greiden evakuearre wurde.
De plysje krige woansdei in melding oer in fertocht pakje. De plysje skeakele de Eksplosiven Oprommingstsjinst yn, mar bliken die dat it falsk alarm wie. De jonges draaie mooglik foar de kosten op, sa'n njoggentûzen euro.