Reorganisaasje by Trion

08 jan 2004 - 00:00

Trion moat reorganisearje. De sosjale wurkfoarsjenning wurdt derta twongen troch oprinnende ferliezen. De direksje wol foar in part ophâlde mei de yndustriële aktiviteiten. Dêr ferdwine 90 arbeidsplakken en de festiging yn De Westerein giet ticht.

Wurk yn de griene sektor lykas ûnderhâld wurdt útwreide. Mear meiwurkers wurde detasjearre by oare bedriuwen. Dat smyt 90 nije wurkplakken op. Yn 2007 moat wer winst makke wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)