N31 wurdt ferdûbele

© Omrop Fryslân
De N31 tusken Harns en Surch wurdt in fjouwerbaansdyk. Dat hat minister Peijs fan Ferkear besletten. Der hat jierrenlang argewaasje oer de dyk west. Yn njoggen jier binne dêr 18 minsken om it libben kommen.
Der komt gjin flechtstrook mar wol flechthavens. Der komt ek in middenberm mei in rail. Op de nije dyk is 100 km de tastiene snelheid. Mooglik krijt Surch in fiadukt as kompensaasje foar it ôfsluten fan de krusing.