Les yn Ingelsk op Marne College

08 jan 2004 - 00:00

VWO-learlingen fan it Marne College yn Boalsert kinne les yn it Ingelsk krije. It twatalige ûnderwiis is in primeur foar middelbere skoallen yn Fryslân. Lanlik dogge al 50 skoallen dit.

Doel is bern better ta te rieden op heger ûnderwiis. Dêr wurdt hieltyd faker Ingelsk brûkt by kolleezjes. As der genôch belangstelling is, wurdt takom skoaljier begûn mei de lessen yn it Ingelsk. Learlingen moatte taalgefoel ha en motivearre wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)