Opsterlân hat nij doarpebelied

© Omrop Fryslân
It nije doarpebelied fan Opsterlân is klear. Bysûnder is dat de gemeente mei de pleatslike belangen fan de 16 doarpen oparbeide hat by it meitsjen fan nij belied. Doarpsbelangen koenen ferbetteringen foar de leefberheid oanjaan. Der binne 118 konkrete winsken opnaam yn it belied.
Der is 36.000 euro beskikber foar ûndersyk nei hoe't de saken ferbettere wurde kinne yn de doarpen fan de gemeente Opsterlân.