Fytsegaos by stasjon oanpakt

08 jan 2004 - 00:00

Ljouwert wol de gaos fan fytsen by it NS-stasjon oanpakke. In soad minsken sette de fyts op plakken dêr't it net mei. De plysje hat oardeljier lang sokke fytsen fuorthelle, mar is der mei ophâlden.

Eigners koene de fyts tsjin betelling weromkrije. Dêr wie krityk op om't guon de fyts yn de stalling setten, mar se krigen dochs in boete om't oaren de fyts oan de kant smieten. It âlde belied wurdt no wer oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)